S!N is een samenwerkingsverband van Dongeradeel Sociaal, GroenLinks en leden van SP, D66 en PvdA

Beschouwing DS bij begroting 2016: Geen alternatief

begroting2016

Hieronder de beschouwing die fractievoorzitter Jouke Douwe de Vries namens Dongeradeel Sociaal uitsprak tijdens de begrotingsvergadering op 5 november 2015. Hij deed dat in het Fries. Onder de Friese versie vindt u de Nederlandse vertaling.

Gjin alternatyf

Begruttingsried 5 november 2015

 
Foarsitter,

Yn it earste plak wolle wy de boades, amtners, kolleezje en oare fraksjes tank sizze foar de gearwurking en stipe yn it ôfrûne jier. En dan ús skôging by dizze begrutting, foarsitter.

De ôfrûne 2 jier kaam Dongeradeel Sociaal hieltyd mei in alternative begrutting, mar dit jier net, want wy sjogge gjin alternativen mear. Troch de karren dy’t ferline jier makke binne en de djoere projekten fan de koalysje, is it jild yn ús gemeente skjin op. Sterker noch: yn de jierren 2017 oant en mei 2019 driget sels in tekoart, oprinnend nei 4 à 5 ton per jier en dan nimme wy de resultaten fan de septimbersirkulêre, en de foardielen dy’t dêryn sitte, al mei. Oars wie it tekoart noch heger west.

Wat giet der mis?
De wichtichste reden is dat de besuniging fan 5 oant 7,5 ton op it persoaniel, dy’t ferline jier foarsteld waard, net helle wurdt. Wy hawwe dêr ferline jier by de begrutting al bot foar warskôge, omdat der doe al gjin konkreet plan lei om dy besuniging op it persoaniel te realisearjen. Dêr is ús gemeente troch de provinsje ek foar op de fingers tikke. Dêr komt noch by dat it persoaniel no, mei de amtlike fusy, ûnderbrocht is by DDFK en dat wy dêr earst hielendal net mear op besunigje kinne. Dat wie ferline jier al bekend, mar dochs keas de koalysje der doe foar om noch foar 80.000 euro in nije bedriuwekontaktfunksjonaris oan te stellen.

Oare redenen binne dat de besuniging fan rom 2 ton op it ôfstjitten fan de begrafplakken net helle wurdt en dat der dochs úteinsetten is mei de 2e fase fan it Súd Ie-projekt, wylst it budzjet dêrfoar ferline jier skrast waard. Wy hienen by fase 1 al warskôge dat wy yn in fûke swommen en dat wy net ûnder de ferfolchfases fan de Súd Ie útkinne soenen, mar dat waard doe noch bestriden. De wethâlder hat krekt lyn lykwols tajûn dat wy yndied net ûnder de ferfolchfases útkinne en dat wy dus wol deeglik yn in fûke swommen binne.

Gefolch is dat der fan de gemeente út dochs wer inkelde miljoenen yn fase 2 fan it Súd Ie-projekt stutsen binne en dat it noch mar de fraach is wat it allegear opsmite sil. Hoefolle mear toeristen sil it Súd Ie-projekt hjirhinne lûke? En hoefolle mear arbeidsplakken sil it mei ‘m meibringe? As Dongeradeel Sociaal sjogge wy noch altyd net dat it safolle opsmite sil dat it dizze mega-ynvestearring rjochtfeardiget. Seker net yn dizze tiid wêryn’t we it jild gewoanwei net hawwe. As Dongeradeel Sociaal sille wy it Súd Ie-projekt dan ek tige kritysk folgjen bliuwe.

En hoe wol de koalysje dizze tekoarten oplosse?
No, earst noch net. Foar 2016 leit der in slutende begrutting, mar foar de jierren 2017, 2018 en 2019 driget in tekoart fan respektivelik in ton, 5 ton en 4 ton. As dat sa bliuwt moat der op ‘e nij besunige wurde en dat sil hiel dreech wurde, want nei alle eardere besunigings sil der dan echt yn it fleis snijd wurde moatte.

En dat mei, wat Dongeradeel Sociaal oanbelanget, perfoarst net ten koste gean fan de minsken yn ús gemeente mei de leechste ynkommens en minsken dy’t soarch noadich hawwe. Yn it oanbiedingsbrief by de begrutting stiet wol in lange list mei mooglike besunigings op it minimabelied, mar lokkich kiest it kolleezje dêr op dit stuit noch net foar. Ek omdat we dêrmei út de pas rinne soenen mei de oare DDFK-gemeentes. Lit dúdlik wêze dat Dongeradeel Sociaal fynt dat der, ek de kommende jierren, sawesa net fierder koarte wurde mei op it minimabelied en al hielendal net om finânsjele gatten yn de begrutting te tichtsjen. Wy fiele ús deryn stipe troch de kliïnteried dy’t harren juster yn in brief ek fel tsjin fierdere besunigings op it minimabelied útspruts. Wy slute ús ek oan by harren opmerking fan hjoed dat yn de begrutting wol allegear suggestjes dien wurde foar besunigings op it minimabelied, mar dat it net dúdlik is dat dy besunigings net trochfierd wurde. Teminsten, earst noch net.

Fierder wolle wy mei klam omtinken freegje foar de ferheging fan de rioel- en ôffalstoffeheffing. Dat rekket foaral minsken mei in leech ynkommen dy’t net yn oanmerking komme foar kwytskelding. Om de gemeentlike lêsten net te folle stiigje te litten, wol it kolleezje de OZB mei 20 persint ferleegje. Mar dêr hawwe minsken mei in leech ynkommen neat oan, omdat sy oer it algemien yn in hierhûs wenje. Wy tsjinje dan ek mei ABD en CU in amindemint yn om sawol de OZB as de rioel- en ôffalstoffeheffing like folle te ferleegjen. En wy rekkenje derop dat ek de oare partijen harren yn dat solidariteitsprinsipe fine kinne.

Fraach fan ús kant is noch wol hoe’t it komt mei de gemeentlike lêsten takom jier en de jierren dêrnei. Der is gjin strukturele begruttingsromte om der ek takom jier wer tonnen yn te stekken om foar te kommen dat de gemeentlike lêsten te bot stiigje.

En dan it sosjaal domein.
Dêr bliuwe op dit stuit tonnen yn oer, benammen by de soarch, de PGB’s en de húshâldlike help. En dat is ús, as Dongeradeel Sociaal, in stikel yn ‘e foet. Hoe kin it dat der sa’n soad jild oerbliuwt? Is ús foarljochting wol goed? Wurde minsken wol genôch holpen om help oan te freegjen? Wêrom wurdt bygelyks 30% fan de takende PGB’s net fersulvere? As Dongeradeel Sociaal soenen wy graach sjen dat hjir folle mear op ynstutsen wurdt en dat minsken de soarch en help krije dêr’t se rjocht op hawwe. En lit ek hjirby dúdlik wêze: Wy fine dat it jild yn it sosjaal domein nei de minsken ta moat en dat it perfoarst net brûkt wurde mei om finânsjele gatten fan de gemeente mei te stopjen.

Foarsitter, wy dogge in dringend berop op de kolleezje, de koalysje en alle oare partijen om op dit punt, mei ús, har sosjaal gesicht sjen te litten. Us gemeente hat altyd in romhertich sosjaal belied foarstien en dat moat, wat ús oanbelanget, sa bliuwe. De lange list mei mooglike besunigings op it minimabelied dy’t yn de begrutting stiet, moat dan ek sa gau as mooglik skrast wurde.

Foarsitter, oant sa fier ús skôgings en dan wolle wy no noch graach ús amindeminten en moasje taljochtsje.

1. Amindemint mei ABD en oaren foar lykweardiger ferdieling fan ferleging gemeentlike lêsten. Mei algemiene stimmen oannommen!
2. Amindemint mei CDA, FNP, CU en ABD foar in temjittekomming yn de OZB foar it MFA yn Holwerd. Mei 16 om 2 stimmen oannommen. Allinne VVD en PvdA wienen tsjin.
3. Moasje mei PvdA oer de yndividuele ynkommenstaslach. Ynlutsen, fanwege wettelike beheinings, DS en PvdA komme mei in nij foarstel.

Geen alternatief

Begrotingsraad 5 november 2015

 
Voorzitter,

In de eerste plaats willen wij de bodes, de ambtenaren, college en andere fracties bedanken voor de samenwerking en steun in het afgelopen jaar. En dan onze beschouwing bij deze begroting, voorzitter.

De afgelopen 2 jaar kwam Dongeradeel Sociaal steeds met een alternatieve begroting, maar dit jaar niet, want wij zien geen alternatieven meer. Door de keuzes die vorig jaar zijn gemaakt en de dure projecten van de coalitie, is het geld in onze gemeente helemaal op. Sterker nog: in de jaren 2017 tot en met 2019 dreigt zelfs een tekort, oplopend naar 4 à 5 ton en dan nemen wij de resultaten van de septembercirculaire, en de voordelen die daarin zitten, al mee. Anders was het tekort nog hoger geweest.

Wat gaat er mis?
De belangrijkste reden is dat de bezuiniging van 5 tot 7,5 ton op het personeel, die vorig jaar werd voorgesteld, niet wordt gehaald. Wij hebben daar vorig jaar bij de begroting al ernstig voor gewaarschuwd, omdat er toen al geen concreet plan lag om die bezuiniging op het personeel te realiseren. Daar is onze gemeente door de provincie ook voor op de vingers getikt. Daar komt nog bij dat het personeel nu, met de ambtelijke fusie, is ondergebracht bij DDFK en dat wij daar eerst helemaal niet meer op kunnen bezuinigen. Dat was vorig jaar al bekend, maar toch koos de coalitie er toen voor om nog voor 80.000 euro een nieuwe bedrijvencontactfunctionaris aan te stellen.

Andere reden zijn dat de bezuiniging van ruim 2 ton op het afstoten van de begraafplaatsen niet wordt gehaald en dat er toch begonnen is met de 2e fase van het Súd Ie-project, terwijl het budget daarvoor vorig jaar werd geschrapt. Wij hadden bij fase 1 al gewaarschuwd dat wij een fuik zwommen en dat wij niet onder de vervolgfases van de Súd Ie uit zouden kunnen, maar dat werd toen nog bestreden. De wethouder heeft echter onlangs toegegeven dat wij inderdaad niet onder de vervolgfases uitkunnen en dat wij dus wel degelijk in een fuik zijn gezwommen.

Gevolg is dat er vanuit de gemeente toch weer enkele miljoenen in fase 2 van het Súd Ie-project zijn gestoken en dat het nog maar de vraag is wat het allemaal zal opleveren. Hoeveel meer toeristen zal het Súd Ie-projekt hier naartoe trekken? En hoeveel meer arbeidsplaatsen zal het met zich meebrengen? Als Dongeradeel Sociaal zien wij nog altijd niet dat het zoveel zal opleveren dat het deze mega-investering rechtvaardigt. Zeker niet in deze tijd waarin wij het geld gewoonweg niet hebben. Als Dongeradeel Sociaal zullen wij het Súd Ie-project dan ook zeer kritisch blijven volgen.

En hoe wil de coalitie deze tekorten oplossen?
Nu, eerst nog niet. Voor 2016 ligt er een sluitende begroting, maar voor de jaren 2017, 2018 en 2019 dreigt een tekort van respectievelijk een ton, 5 ton en 4 ton. Als dat zo blijft, moet er opnieuw bezuinigd worden en dat zal heel moeilijk worden, want na alle eerdere bezuinigingen zal er dan echt in het vlees gesneden moeten worden.

En dat mag, wat Dongeradeel Sociaal betreft, absoluut niet ten koste gaan van de mensen in onze gemeente met de laagste inkomens en mensen die zorg nodig hebben. In de aanbiedingsbrief bij de begroting staat wel een lange lijst met mogelijke bezuinigingen op het minimabeleid, maar gelukkig kiest het college daar op dit moment nog niet voor. Ook omdat we daarmee uit de pas zouden lopen bij de andere DDFK-gemeentes. Laat duidelijk zijn dat Dongeradeel Sociaal vindt dat er, ook de komende jaren, sowieso niet verder gekort mag worden op het minimabeleid en al helemaal niet om de financiële gaten in de begroting te dichten. Wij voelen ons daarin gesteund door de cliëntenraad die zich gisteren in een brief ook fel uitsprak tegen verdere bezuinigingen op het minimabeleid. Wij sluiten ons ook aan bij hun opmerking van vandaag dat in de begroting wel allemaal suggesties worden gedaan voor bezuinigingen op het minimabeleid, maar dat niet duidelijk is dat die bezuinigingen niet doorgevoerd worden. Tenminste, eerst nog niet.

Verder willen wij nadrukkelijk aandacht vragen voor de verhoging van de riool- en afvalstoffenheffing. Dat raakt vooral mensen met een laag inkomen die niet in aanmerking komen voor kwijtschelding. Om de gemeentelijke lasten niet te veel te laten stijgen, wil het college de OZB met 20 procent verlagen. Maar daar hebben mensen met een laag inkomen niets aan, omdat zij over het algemeen in een huurhuis wonen. Wij dienen dan ook samen met ABD en CU een amendement in om zowel de OZB als de riool- en afvalstoffenheffing evenveel te verlagen. En wij rekenen erop dat ook de andere partijen zich in dat solidariteitsprincipe kunnen vinden.

Vraag van onze kant is nog wel hoe het komt met de gemeentelijke lasten volgend jaar en de jaren daarna. Er is geen structurele begrotingsruimte om er ook volgend jaar weer tonnen in te steken om te voorkomen dat de gemeentelijke lasten te veel stijgen.

En dan het sociaal domein.
Daar blijven op dit moment tonnen in over, met name bij de zorg, de PGB’s en de huishoudelijke hulp. En dat is ons, als Dongeradeel Sociaal, een doorn in het oog. Hoe kan het dat er zoveel geld overblijft? Is onze voorlichting wel goed? Worden mensen wel genoeg geholpen om hulp aan te vragen? Waarom wordt bijvoorbeeld 30% van de toegekende PGB’s niet verzilverd? Als Dongeradeel Sociaal zouden wij graag zien dat hier veel meer op ingezet wordt en dat mensen de zorg en de hulp krijgen waar ze recht op hebben. En laat ook hierbij duidelijk zijn: Wij vinden dat het geld in het sociaal domein naar de mensen moet gaan en dat het absoluut niet gebruikt mag worden om financiële gaten van de gemeente mee te stoppen.

Voorzitter, wij doen een dringend beroep op het college, de coalitie en alle andere partijen om op dit punt, met ons, hun sociaal gesicht te laten zien. Onze gemeente heeft altijd een ruimhartig sociaal beleid voorgestaan en dat moet, wat ons betreft, zo blijven. De lange lijst met mogelijke bezuinigingen op het minimabeleid die in de begroting staat, moet dan ook zo snel mogelijk geschrapt worden.

Voorzitter, tot zover onze beschouwingen en dan willen wij nu nog graag onze amendementen en motie toelichten.

1. Amendement met ABD en anderen voor gelijkwaardiger verdeling van de verlaging van de gemeentelijke lasten. Met algemene stemmen aangenomen!
2. Amendement met CDA, FNP, CU en ABD voor een tegemoetkoming in de OZB voor het MFA in Holwerd. Met 16 om 2 stemmen aangenomen. Alleen VVD en PvdA waren tegen.
3. Motie met PvdA over de individuele inkomenstoeslag. Ingetrokken, vanwege wettelijke beperkingen, DS en PvdA komen met een nieuwe voorstel.

Geef een reactie

Sluit Menu